De gotyk is in midsiuwske boustyl yn Europa fan likernôch de tolfde oant en mei sechstjinde iuw, mei as wichtige skaaimerken heech rikkende muorren en ruten mei puntbôgen. Foaral tsjerkegebouwen wienen tige beynfloede troch de gotyk, mar ek kastielen, paleizen, stedhuzen, gilde huzen en universiteiten waarden yn de goatyske styl boud. De styl ûntstie út de Romaanske arsjitektuer en waard opfolge troch de Renêssânse arsjitektuer. Yn dy tiid waard sprutsen fan 'Frânsk wurk' (Latyn: Opus Francigenum omdat de earste goatyske gebouwen yn Frankryk set waarden. De term Gotyk waard earst yn de lette Renêssânse brûkt.

De goatyske Notre Dame fan Parys
Ynterieur fan de katedraal fan Reims

De gotyk brûkt in soad puntbôgen en hege (brânskildere) ruten dy't lykas de oanwêzigens fan baldakynen en roasfinsters de fertikaliteit fan it gebou fersterkje. Fanwege de grutte hichte fan de tsjerken en katedralen moasten de muorren oan de bûtekant ferstevige wurde mei bearen om de spatkrêften troch de swiere mitsele ferwulften opheine te kinnen. Foaral yn de Frânske en Spaanske tsjerken waard de technyk fan de loftbôgen brûkt; de bôgen wiene de ferbining tusken de bearen en de bûtenmuorren. It tonneferwulf en krúsferwulf waard ferfongen troch it krúsribferwulf, mei ribben dy't dragende boueleminten waarden.

Yn de 14e, 15e en 16e iuw gie de gotyk oer yn de Renêssânse, it earst min as mear ynienen yn Itaalje, dêr't de gotyk nea wier breed tapast waard. In Noard-Europa gie de oergong sa njonkelytsen en wurde mear oergongsfoarmen fûn. In Nederlân waard, by de bou fan tsjerken, de goatyske foarmetaal noch oant yn de 17e iuw brûkt.

Yndieling gotyk

bewurkje seksje

Yn it generaal wurdt de neifolgjende yndieling nei tiidrek foar de gotyk brûkt, mar der binne ek oare ûnderferdielingen (dat komt omdat it bouwen fan in tsjerke lang duorre en der ferskillende, nijere stilen, yn sa'n gebou komme koenen):

De perioade fan de Ynternasjonale gotyk en de Letgotyk falle foar yn part gear. De earste oantsjutting wurdt fral foar de skilder- en byldhoukeunst brûkt en de twadde foar de arsjitektuer.

Fierder binne der noch rgionale farianten: Perpendicularstyl en Tudorstyl yn Ingelân, Mudéjar-styl yn Spanje, Manuellynske styl in Portugal, Súdlike gotyk yn Súd-Frankryk en Noard-Itaalje, Bakstiengotyk yn Noard-Dútslân en de Eastseekust bylâns, Rynlânske gotyk iyn it westen fan Dútslân en midden en easten fan Nederlân, Skeldegotyk, Brabânske gotyk, Maasgotyk yn de Súdlike Nederlanden en Romanogotyk yn de Fryske goaen.

 
It kastiel fan de Dútske Oarder yn Malbork (Mariënburch), Poalen