De Gockingastins yn Uiterburen is healwei de 13e iuw boud. De stins wei eigendom fan de famylje Gockinga. Yn 1401 waard de stins plondere en fernield.

Yn 1955 is de stins tafallich ûntdekt by it oanbouwen fan in skuorre efter in pleats yn Uiterburen. De ôfmjittings fan de ruïne wienen sa. 5.30 x 8.20 m. De fûneminten bestienen inkeld út dowestiennen, dy’t sa. 32 x 15 x 9 sm bedroegen. Om de stins hinne wie ek in muorre oanlein, dy wie 1,62 m dik.

De stins waard yn 1401 fernield troch in rige ynsidinten, dy’t benammen mei de hannel anneks wienen. De famylje Gockinga wie nammentlik in tige machtige famylje yn de lette midsiuwen. De lêste bewenner fan de stins soe Ayolt Gockinga west hawwe, dy’t ek (neffens syn memoarjes) by de plondering oanwêzich wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noord- en Zuidbroek in vroegere jaren, Súdbroek, maaie 1973, H. Antonides