Gogo
In gogo wie in popke dat kado jûn waard by €10 oan boadskippen fan supermerk C1000 yn septimber-oktober 2009.
Der wienen sa'n 300 ferskillende popkes mei eigen kenmerken dy't sparre wurde koenen en ien seldsume Gouden Gogo. Wa't in Gouden Gogo kado hie krige in winnerspakket foar himsels en syn skoalle. Der wienen ek albums by foar de 60 stickerplaatsjes en in Gogoberch om de popkes op te setten. Troch in game op Hyves te spyljen koe ek kâns op in gouden gogo makke wurde. Der waarden boppedat spesjale ruilmiddeis organisearre troch de supermerken. De aksje wie betocht troch de marketingman fan C1000 dy't in pear jier dêrfoar de súksesfolle Wuppy-raazje fan Albert Heijn betocht.