Golf fan Alaska
De Golf fan Alaska is in part fan de Grutte Oseaan besuden Alaska tusken de Aleksanderarsjipel yn it easten en Kodiakeilân yn it westen.
Golf fan Alaska | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | súdlik fan Alaska | |
lân | Feriene Steaten | |
koördinaten | 57°N 144°W | |
ûnderdiel fan | Grutte Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 1.950 km | |
maks. breedte | 650 km |
De kust fan Alaska oan de Golf wurdt skaaimerke fan rûge bergen, bosken en inkelde oan de Golf grinzjende gletsjers; ûnder oaren de twa grutste fan Alaska: Malaspinagletsjer en Beringgletsjer. Boppe de Golf fan Alaska foarmje har faak (snie)stoarmen dy't de westkust fan Noard-Amearika bydel lûke nei it suden oant Meksiko ta. Ek de measte rein fan it noard- en súdwesten fan de Feriene Steaten ûnstiet boppe de Golf fan Alaska.
Yn de Lituyabaai is grutste tsûnamy út de skiednis registrearre, mar it is ek in populêr ankerplak yn de lijte foar fiskersskippen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gulf of Alaska fan Wikimedia Commons. |