Golf fan Feneesje

De Golf fan Feneesje (Italjaansk: Golfo di Venezia) is in baai yn it noarden fan de Adriatyske See.

Golf fan Feneesje
geografy
type wetter baai
lokaasje tusken Istrje en it
   Apenynsk Skiereilân
lân Itaalje
Kroaasje
Sloveenje
koördinaten 45°19′ N, 13°0′ E
ûnderdiel fan Adriatyske See
sifers
maks. lingte 120 km
maks. breedte 100 km
oerflak 7.500 km²
djiptegemiddelde 38 m
De stêd Pula yn Kroaasje.
De stêd Pula yn Kroaasje.

De Golf fan Feneesje wurdt begrinzge troch de delta fan de Po yn it westen en it skiereilân Istrië yn it easten. Lannen dy't oan de Golf grinzgje binne Itaalje, Sloveenje en Kroaasje.

De rivieren Tagliamento, Piave, Adige en Brenta mûnje yn de baai.

De grutste stêden oan de golf binne Feneesje, Triëst, Chioggia en Pula.