Golf fan Tunis

(Trochferwiisd fan Golf fan Utika)

De Golf fan Tunis (Arabysk: خليج تونس (Bahr al-Tunis)) is in grutte golf fan de Middellânske See noardeastlik fan Tuneezje.

Golf fan Tunis
geografy
type wetter baai
lokaasje noardkust fan Tuneezje
lân Tuneezje
koördinaten 37°0′ N, 10°30′ E
ûnderdiel fan Middellânske See
sifers
maks. lingte 63 km
maks. breedte 50 km
oerflak ±3.000 km²
In satellytfoto fan 'e Golf fan Tunis.
In satellytfoto fan 'e Golf fan Tunis.

De haadstêd fan Tuneezje, Tunis leit oan de súdwest igge fan de golf, besuden Kaap Kartago. Noardeastlik fan Tunis lizze de ruïnen fan Kartago, no in diel fan Tunis.

De grins fan de Golf mei de Middellânske See is de line fan Kaap Farina (Ras et Tarf) yn it noardwesten, nei Kaap Bon (Rass Eddar) yn it noardeasten.

De rivier de Medjerda mûnet yn de Golf fan Tunis út.

Keppeling om utens

bewurkje seksje