De Gordondaam (Ingelsk: Gordon River Dam of Gordon Dam) is in dûbeldkromme bôgedaam yn de rivier de Gordon yn 'e Australyske steat Tasmaanje, dy't boud waard tusken 1974 en 1978. De daam hat in hichte fan 140 meter, wêrmei't it de heechste fan it eilân is en de op fjouwer nei heechste fan Austraalje. Yn 1963 ferliende de federale oerheid fan Austraalje in bedrach fan 5 miljoen Australyske dollar oan de Hydro-Electric Commission (HEC) fan Tasmaanje om de Gordon River Road oan te lizzen fan it doarpke Maydena nei de Gordonrivier yn de regio South West Wilderness. In jier letter waard de wei oanlein en trije jier letter, yn 1967, joech it Tasmaanske parlemint de HEC grien ljocht foar de ûntwikkeling fan it projekt Gordon River Power Development.

De 140-meter hege betonnen bôge fan de Gordondaam, boud yn 1974-1978

Foar it projekt hie men earst meardere damen yn gedachte, mar úteinlik waard allinnich de Gordondaam boud en kaam de oankundige Franklindaam der net. De daam waard ûntwurpen ûnder lieding fan haadyngenieur Sergio Guidici, dy't letter ek noch in tal oare damen foar de HEC ûntwerpe soe op oare plakken.

Troch de oanlis fan de daam ûntstie de Gordonmar. It McCarltans Passkanaal is in ferbining mei de Peddermar (dat foar it grutste part ûntstie troch de oanlis fan de Scotts Peakdaam).

Keppeling om utens

bewurkje seksje