Goslick fan Juwenga

Goslick fan Juwenga of Goslick fan Jongema1500) wie in Skieringer ealman. Nei it ferstjerren faan syn heit Tjaert waard syn neef Juw regint oer Boalsert. Fan 1491-1496 strieden Goslick en Juw om de hearskippij.

Troch frjemde soldaten helle Goslick de oerwinning, mar krige doe te meitsjen mei muiterij fan dizze bûnsgenoaten. Mei in oare troep, ta syn beskikking steld troch Albrecht fan Saksen, ferovere hy Boalsert. Hy leanne him mei rôfde tsjerkesieraden en fermoarde mei eigen hannen syn neef. Goslick waard grytman fan Wûnseradiel (1499) dat troch him as earste gritenij yn 1504 de Saksyske hartoggen ynhuldige. Hy waard dêrom troch dizzen riddere. Herovere de Boalsert op de Geldersken (1514) mei help fan de Swarte Heap dy't de stêd yn de brân stuts. Hjirby baarnde ek Goslick syn hûs ôf.
Waard Ried yn it Hof fan Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: