De Gouden Bul of krysobul (Latyn:bulla aurea) wie in dekreet útjûn troch de keizers fan it Byzantynske Ryk en letter ek troch oare Jeropeeske foarsten, benammen de keizers fan it Hillige Roomske Ryk. De term wie ynearsten ornearre foar it gouden segel dat op it dekreet ôfprinte wie, mar waard letter brûkt foar it gânse dekreet. De dekreten waarden yn West-Jeropa as gouden bul ferneamd en as chrysobullos logos yn it Byzantynske Ryk (χρυσός, krysos, Gryksk foar goud).
Hast 800 jier waarden hja útjûn, mar dochs net iensidich en it joech gjin ferplichtsjen oan de oare partij. Lykwols yn de rin fan de tolfde iuw foegen de Byzantinen ûnthjittingsferklearrings ta, om't hja noed hiene foar oare foarsten dy't de Byzantynske macht ûndermynje woene.
De wichtichste Gouden Bul dy't útjûn is wie dy fan 1356 troch keizer Karel IV fan it Hillige Roomske Ryk, dy't sawat de grûnwet fan it Hillige Roomske Ryk bepaalde.

Gouden bul fan 1356 útjûn troch keizer Karel IV fan it Hillige Roomske Ryk