Goudhaantje
Goudhaantje wie in merk fan brette en foarferpakte heale hoantsjes.
De hoantsjes wiene fakuüm ferpakt en dêrtroch ek bûten de kuolkast lang hâldber. De hintsjes hoegden mar in kertier yn waarm wetter te lizzen om iten te wurden. Foar dy tiid wiene der allinnich ynblikke kant-en-klear hinnefleis.
Goudhaantje wie in produkt fan ûndernimmer Herman Kramer fan De Jouwer. Herman Kramer kaam út in ûndernimmerslaach. Syn heit Hielke Kramer wie eigener fan de ferfierûndernimming Friesland Rotterdam Expresse en syn omke Herman (1929-2000), wie eigener fan De Libra. Kramer hie oant 1965 in gruthannel yn aaien. Yn 1967 begûn er in hinnebriederij oan de Slûsdyk. [1] Dat ûnderkommen blykte al gau te lyts en it bedriuw ferhuze yn 1970 nei de Vegelinsdyk 10. It nije gebou soe inkele jierren letter al útwreide wurde. Kramer BV hie op it lêst in ferkeapapparaat mei tweintich grossiers oer hiel Nederlân.
Prosedee
bewurkje seksjeEarst waard besocht om brette hinnen te brieden en dan yn te friezen. It wie net goed rindabel te krijen, it koste tefolle. Doe't de konkurrinsje mei heale hoantsjes yn fakuümferpakking begûn woe Kramer dat ek. Kramer ûntwikkele in eigen prosedee. De slachte hoannen kocht er by ferskate eksportslachterijen kamen earst yn in pikelbad, en waarden dêrnei yn in krûdebad dompele. Dêrnei kamen se yn de oven op in saneamde 'skommelbout' om yn bûter yn hite loft fan in trijehûnderd graden bret te wurden. Dêrnei waarden se troch de midden snien, yn in plestyk pûde dien en pasteurisearre. Dat pasteurisearjen barde yn twa hegedruktsjettels om it fleis langer hâldber te hâlden. De earste Goudhaantjes kosten yn de winkel ûngefear in ryksdaalder.
Reklame
bewurkje seksjeFoar Goudhaantje waard in soad radioreklame makke, benammen op de piratestjoerders Veronica en de Mi Amigo fan radio Noordzee. Goudhaantje waard foaral bekend troch de jingle yn dy radioreklame. De jingle wie makke yn opdracht fan Ren Groot, akwisiteur fan Radio Noordzee.
- Jingle
- In tien minuten tijd
- Brengt u iets lekkers in de kamer
- Goudhaantje, Goudhaantje
- Van Herman Kramer
- Vacuüm verpakt
- En in roomboter gebraden
- Herman Kramers goudhaantjes
- Zijn gewoon niet te versmaden
- Goudhaantje, goudhaantje, gou….
Doe’t de seestjoerder stopje moast die de bemanning foarkommen oft der ferlet wie fan hast alles. Kramer pakte dat oan foar in stunt en brocht mei syn sylboat Goudhaantjes by de bemanning. Doe’t er ek noch in spandoek ophong krige it in soad omtinken yn de parse. [2]
Yn 1978 waard in advvertinsje foar Goudhaantje ferbean troch de Reklamekoadekommisje. Dêryn wie in man oan de wetterkant te sjen mei in Goudhaantje yn de hân en yn it wetter rôp in drinkeling om help. It kommintaar fan de man op de wâl wie: Earst myn Goudhaantje opite..
Herman Kramer sponsere yn de tachtiger jierren SC Joure mei fl.2.50 per Goudhaantje sticker dy't efterop in auto plakt waard. In soad Jousters rieden doe mei sa'n sticker op de efterrút of kofferdeksel.
Ferkeap
bewurkje seksjeNei syn sulveren jubileum yn trede Kramer werom as direkteur.[3] Yn 1992 waard it bedriuw ferkocht oan Plusfood yn Easterwâlde.[4] De fraach nei fakuüm ferpakt fleis rûn werom en der moast ynvestearre wurde yn hygiënyske omstannichheden. Kramer hie gauris te krijen mei krityk fan de Fleiskeuringstsjinst. Plusfood hie ûnder oaren it djipfriesmerk Friki. It personiel koe mei oer nei Easterwâlde.[5] Yn 2007 gie it bedriuw op De Jouwer ticht. [6] Boppedat frege de ynternasjonale konkurrinsje om skaalfergrutting.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|