De Grace Cathedral is in tsjerke op de Nob Hill yn 'e Amearikaanske stêd San Francisco. It is de katedraal fan it episkopaalkse bisdom Kalifornje. Eartiids foel de hiele steat Kalifornje ûnder it bisdom, mar tsjintwurdich allinne noch in part fan de San Francisco Bay Area.

Grace Cathedral
Lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
plak San Francisco
adres 1100 California St, San Francisco, CA 94108
koördinaten 37° 47' N 122° 24' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Episkopaalske Tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt Lewis Parsons Hobart
boujier 19281964
boustyl neogotyk
Webside
gracecathedral
Kaart
Grace Cathedral (San Francisco)
Grace Cathedral

Alle jierren bringe in soad toeristen de katedraal in besite fanwegen de mozaïeken fan Jan Henryk de Rosen, in replika fan Ghiberti's fergulde Poarten fan it Paradys, twa labyrinten, de brânskildere ramen, it alterstik fan Keith Haring yn 'e Aids-kapel, it midsiuwske en moderne tsjerkemeubilêr, it karriljon mei 44 klokken, de trije oargels en de ferneamde koaren fan 'e katedraal.

De skiednis begûn mei it stiftsjen fan in parochy yn 1849 yn 'e tiid fan 'e Kalifonyske goudkoarts. In earste lytse kapel waard yn 1849 boud en in tredde tsjerke waard ferneatige troch it fjoer dat folge op de grutte ierdskodding fan 1906. De bankier en spoarwei-baron William Henry Crocker joech syn ferwoastge eigendommen op Nob Hill oan it bisdom, om dêr in nije katedraal te bouwen, dy't de kongregaasje en de namme fan de oanbuorjende parochy oernaam. De katedraal waard sûnt 1928 yn Frânsk-goatyske styl neffens it ûntwerp fan Lewis P. Hobart boud. De foltôging fûn plak yn 1964.

Op 28 maart 1965 preke Martin Luther King yn 'e katedraal yn it ramt fan 'e festiviteiten om de foltôging fan 'e katedraal hinne. Likernôch 5.000 minsken harken nei de preek. It duorre wol 37 jier om de tsjerke wer sa fol te krijen en dat barde mei de betinkingstsjinst fan 11 septimber 2001.

 
Ynterieur mei labyrint.

De katedraal hat in grutte samling wurk fan 'e oarspronklik út Poalen ôfkomstige keunstner Jan Henryk de Rosen mei û.o. in muorremozayk út 1932 efter it retabel yn 'e Chapel of Grace, de foarstellings fan de Hillige Famylje mei de trije kenings en de hoeders yn 'e Chapel of Nativity út 1946. De Rosen foege der ek in lyts ôfbyld fan syn hûs út syn bernetiid yn Warsjau oan ta. Op in lytsere skaal skildere De Rosen de panelen foar it âlde heechalter, dy't no te sjen binne yn 'e Chapel of St. Francis, it kolumbarium fan 'e tsjerke. It meast opfallende wurk fan De Rosen binne de muorreskilderings fan histoaryske foarfallen yn it sydskip út de jierren 1949-1950.

Ghiberti's Poarten fan it Paradys

bewurkje seksje

Yn it haadportaal hingje twa grutte doarren mei foarstellings út de Hillige Skrift. Se wurde yn 'e regel Ghirberti's doarren neamd om't it replika's binne fan de doarren dy't Lorenzo Ghiberti makke foar it baptistearium fan 'e dom fan Florâns. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden de doarren út it baptistearium helle om se te behoedzjen foar bombardeminten, mooglik ek om de keunstsamling fan Hermann Göring oan te foljen en se waarden ferstoppe yn in ferlitten tunnel. Der binne doe replika's fan de doarren makke, dy't letter troch de filantroop Charles D. Field oankocht waarden. Dy replika's waarden mei it skip nei San Francisco transportearre, dêr't se in plak krigen yn 'e doe krekt foltôge katedraal, krekt op 'e tiid foar de wijing yn 1964.

 
Tsjerkeskip rjochting oargel.

Yn 'e flier fan 'e katedraal is in labyrint oanlein, lykas it midsiuwske labyrint fan de katedraal fan Chartres yn Frankryk. By it folgjen fan it patroan fan it labyrint soe immen yn in mediative steat reitsje. Op it binnenhôf bûten de katedraal is in twadde labyrint oanlein.

De katedraal besit in oerflan fan 677 m² oan brânskildere ramen. Oan 'e mear as 1100 ôfbylde persoanen, fan Adam en Eva oant Albert Einstein, wurken ferskate renomearre keunstners mei. Twaëntritich ramen waarden yn 'e jierren 1930-1966 troch de Amearikaan Charles Connick ûntwurpen. De roasfinsters yn 'e gevel tusken de tuorren en yn 'e transepten binne it wurk fan de Frânsman Gabriel Loire en dat jildt ek foar de ramen fan John Glenn, Thurgood Marshall, Jane Addams, Robert Frost en Albert Einstein.

 
Alter Aids-kapel

De Aids-kapel waard yn 2000 wijd ta neitins oan 'e likernôch 20.000 slachtoffers yn San Franciscanen fan 'e sykte aids. De kapel is ynterreligieus en yn 'e kapel binne njonken kristlike ek symboalen fan oare religy's oan te treffen. Sintraal yn 'e kapel stiet in alter fan Keith Haring mei de namme The life of Christ'. It waard krekt foltôge doe't Keith Haring sels oan 'e sykte ferstoar.

In rynske jefte fan Nathaniel T. Coulson, in út Cornwall ôfkomstige makelder, makke de oanskaf fan in karriljon mooglik. Doe't er yn 1875 yn San Francisco oankaam fernaam er dat de katedraal gjin klok hie. Alhoewol't er net fan 'e selde tsjerke wie, sette er útein mei it sparjen foar klokken foar de katedraal. Nei in libben lang sparjen koe er syn dream wiermeitsje mei de bou fan in noardlike toer om dêr klokken yn ûnder te bringen. Noch ear't de toer ôf wie, kamen de klokken al oan en se krigen earst op Treasure Island in plak op de Golden Gate International Exposition fan 1939-1940. It karriljon spile foar it earst yn 'e toer op krystnacht 1940 en waard yn 1943 offisjeel ynwijd. It bestiet út 44 troch Gillett & Johnston yn Ingelân getten klokken.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Grace Cathedral