De Grammis of de Grammis Awards binne in groep Sweedske muzykprizen dy't elts jier útrikt wurdt foar de as bêste beoardiele prestaasjes op it mêd fan 'e Sweedske en ynternasjonale popmuzyk en klassike muzyk fan it foargeande jier. Dizze prizen waarden foar it earst takend yn 1969, mar yn 1972 waarden se opheft, om yn 1987 wer nij libben ynblaasd te wurden. De takenning en útrikking wurdt fersoarge en organisearre troch de IFPI Sweden yn gearwurking mei it deiblêd Expressen. De útrikkingsseremoanje wurdt yn 'e regel yn febrewaris yn 'e Sweedske haadstêd Stokholm holden. De Grammis wurde beskôge as de wichtichste Sweedske muzykpriis, en as ekwifalint fan 'e Amerikaanske Grammy Awards, dêr't de namme nei ferwiisd.

Grammis
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Sweedsk
útrikt foar muzyk
útrikt troch IFPI Sweden
frekwinsje 1x jiers
datum febrewaris
plak Stokholm (Sweden)
ynsteld 1969; fannijs 1987
1e útrikking 1969
opheft 1972
offisjele webside
www.grammis.se

Kategoryen bewurkje seksje

  • liet fan it jier
  • album fan it jier
  • muzyk-dvd fan it jier
  • berne-album fan it jier
  • artyst fan it jier
  • nije artyst fan it jier
  • bêste ynternasjonale artyst
  • popgroep fan it jier
  • manlike popartyst fan it jier
  • froulike popartyst fan it jier
  • rockband fan it jier
  • schlager-/dûnsband fan it jier
  • klassike solo-artyst fan it jier
  • klassyk ansâmble fan it jier
  • komponist fan it jier
  • muzykprodusint fan it jier
  • lietsjeskriuwer fan it jier
  • teksskriuwer fan it jier
  • fernijer fan it jier
  • folksmuzyk fan it jier
  • hardrock/heavy metal fan it jier
  • hiphop/soul fan it jier
  • jazz fan it jier
  • iepen kategory

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.