Grand River (rivier yn Michigan)
De Grand River is mei 406 km de langste rivier fan de Amerikaanske steat Michigan. Hy rint troch de plakken Jackson, Eaton Rapids, Lansing, Grand Ledge, Portland, Ionia, Lowell, Grand Rapids en Grand Haven en mûnet út yn de Michiganmar. De Grand River hat in ôfwetteringsgebiet fan 14.431 km².
De Yndianen dy't oan de rivier wennen, foar de komst fan de Frânsken en Britten, neamden de rivier O-wash-ta-nong, dat betsjut 'Fier-fuort-wetter', út reden fan syn langte.
Sydrivieren
bewurkje seksjeDe grutste sydrivieren fan de Grand River binne de Red Cedar River, Looking Glass River, Maple River, Flat River, Thornapple River en de Rogue River.
-
De North Lansingdaam, ûnder Lansing
-
De Grand River yn Grand Rapids
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Grand River fan Wikimedia Commons. |