Klasse (ûnderwiis)

(Trochferwiisd fan Groep (ûnderwiis))

In klasse ferwiist yn 'e kontekst fan it ûnderwiis nei in groep learlingen dy't itselde lesprogramma oanbean kriget. De term wurdt yn Nederlân inkeld noch brûkt yn it fuortset ûnderwiis; yn it basisûnderwiis sprekt men sûnt it skoaljier fan 1984-1985 fan groepen ynstee fan klassen. Yn it heger ûnderwiis komme klassen as sadanich net foar. Op 'e basisskoalle besteane de groepen út fêste gearstallings fan learlingen, dy't yn it lokaal allegearre in fêst sitplak hawwe. Op 'e middelbere skoalle kin de gearstalling fan 'e klassen nei eltse lesoere feroarje. Boppedat hawwe dêr net de klassen, mar de learaars in fêst lokaal, sadat de learlingen eltse lesoere fan lokaal wikselje moatte.

In klasse yn Dútslân.

Yn it basisûnderwiis binne der acht groepen besteande út bern fan deselde jierren: groep 1 (4 oant 5 jier), groep 2 (5 oant 6 jier), groep 3 (6 oant 7 jier), groep 4 (7 oant 8 jier), groep 5 (8 oant 9 jier), groep 6 (9 oant 10 jier), groep 7 (10 oant 11 jier) en groep 8 (11 oant 12 jier). Foar saneamde 'lette learlingen', dy't yn it neijier berne binne, kin it foarkomme dat se pas oan it begjin fan it folgjend skoaljier (yn septimber) oan 'e skoalle begjinne, sadat se hast in jier âlder binne as de oare bern yn harren groep. In oare reden dat in learling in jier âlder wêze kin as syn groepsgenoaten, is as er net meikomme kin. Dan lit de skoalle him net oergean, sadat er de groep oerdwaan moat. Foàr septimber 1984 bestie de legere skoalle út seis klassen, ferlykber mei de hjoeddeistige groep 3 oant en mei 8. De beide groepen dêrûnder foarmen doe de beukerskoalle.

Yn it fuortset ûnderwiis is it tal klassen ôfhinklik fan it learnivo. It VMBO (de âlde MAVO en LTS) hat fjouwer learjierren, de HAVO fiif en it VWO seis. It earste jier fan it fuortset ûnderwiis wurdt wol de brêgeklasse neamd, fanwegen oerbrêgingsfoarm fan it lesprogramma dy't dan faak oanbean wurdt sadat de skoalbern noch gjin kar hoege te meitsjen foar in beskaat learnivo. In klasse is ek in learjier op in beskaat leeftydsnivo; men seit dan bygelyks oer immen "hy sit yn 'e twadde klasse". In klasse yn dy betsjutting kin út ferskillende parallelle klassen learlingen bestean as der mear skoalbern fan deselde leeftyd binne as dat yn ien lokaal (of fan ien ûnderwizer) les krije kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.