Grundtvigstsjerke (Kopenhagen)
De Grundtvigstsjerke (Deensk: Grundtvigs Kirke) in Bispebjerg, in stedsdiel fan Kopenhagen, is ien fan de meast opfallende tsjerken fan de stêd. It is in seldsum foarbyld fan in ekspresjonistysk bouwurk mei neogotyske styleleminten. De tsjerke waard boud tusken 1921 en 1940.
Grundtvigstsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
adres | På Bjerget 14B, 2400 Kopenhagen | |
koördinaten | 55° 42'N 12° 32'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Deenske Folkstsjerke | |
bisdom | Kopenhagen | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Peder Vilhelm Jensen-Klint Kaare Klint | |
boujier | 1921-1940 | |
boustyl | Ekspresjonisme | |
Webside | ||
www.marmorkirken.dk | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn ferbân mei de bouplannen waard in arsjitektuerwedstriid útskreaun, dy't de arsjitekt Peder Jensen-Klint yn 1913 wûn. De tsjerke waard ferneamd nei de Deenske filosoof, dichter, histoarikus, politikus en dûmny Nikolai Frederik Severin Grundtvig.
De earste stien fan de tsjerke waard op 8 septimber 1921 lein. It wie doe krekt 138 jier lyn dat Grundtvig berne waard. De tsjerketoer kaam ree yn 1927. Ynearsten waard der op de ûnderste ferdjipping in seal ynrjochte foar de fiering fan tsjerketsjinsten. Nei it ferstjerren fan de arsjitekt naam syn soan Kaare Klint de lieding fan de bou oer. De bou fan de tsjerke kaam yn 1940 ree.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeDe arsjitekt liet him ynspirearje troch Deenske doarpstsjerken en ferbûn yn syn ûntwerp moderne, geometryske foarmen fan it bakstienekspresjonisme mei de klassike fertikale linen fan de goatyk. It meast opfallend is it machtige westwurk, dat tinken docht oan de kast fan in tsjerke-oargel. Yn it westwurk is de 49 meter hege klokketoer yntegrearre. It tsjerkeskip hat opfallende trepgevels, dy't faak oantroffen wurde by Deenske tsjerken. De foarmen binne lykwols modern en elke trepgevel hat dûbele toppen.
De tsjerke hat plak foar 1800 minsken. De Grundtvigstsjerke hat dêrmei de measte sitplakken fan alle Deenske tsjerken. It bouwurk bestiet út likernôch 6 miljoen bakstiennen. Allinnich it doopfont waard makke fan ljochte kalkstien út Fakse.
Ofbylden
bewurkje seksje-
De tsjerke út it súdeasten wei
-
Noardlik skip
-
Oargel
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Grundtvigstsjerke fan Wikimedia Commons. |