Grutfoarstedom Moskou
It Grutfoarstedom Moskou of Grutfoarstedom Moskoovje (Russysk: Великое княжество Московское, Velikoje knjazjestvo Moskovskoje) wie de foargonger fan it tsaardom Ruslân en bestie fan 1263 oant 1547.
Grutfoarstedom Moskou | |
---|---|
1263–1547 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
Utwreiding fan Moskoovje tusken 1300 en 1547 | |
polityk | |
haadstêd | Moskou |
offisjele taal | •Ald East-Slavysk •Russysk |
steatsfoarm | feodale monargy |
ûntstien út | Foarstedom Vladimir-Sûzdal |
opgien yn | Tsaardom Ruslân |
no diel fan | Ruslân |
sifers | |
oerflak | 2.500.000 km² (1505) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | roebel, denga |
Stifting en earste útwreidings
bewurkje seksjeIt foarstedom hat syn woartels ûnder Daniël I, dy't ûnder it bewâld fan Aleksander Nevski fan de Rurik-dynasty syn soan oanstelde om it pas oprjochte Grutfoarstedom Moskou te bestjoeren. Moskou wie yn dy tiid in fazalsteat fan it Mongoalske Ryk. Yn 'e rin fan de tiid sette Moskou it âldere Grutfoarstedom Vladimir-Sûzdal, de widze fan de Russyske taal en nasjonaliteit, yn it skaad en yn 1320 foarme dat foarstedom ûnderdiel fan it Grutfoarstedom Moskou.
Yn 1478 en 1485 waarden de republyk Novgorod resp. it foarstedom Tver by Moskou foege. It foarstedom Moskou bleau oant 1480 in fazal fan de Gouden Heap, oant nei ferskillende opstannen it Grutte Stean oan de Ugra dêr definityf in ein oan makke.
Opfolger Byzantium
bewurkje seksjeIvan III konsolidearre de steat yn syn 43-jierrich bewâld. Yn dy tiid wie de machtichste tsjinstanner fan Moskou it Grutfoarstedom Litouwen. Yn 1503 wie it ryk al trijeris sa grut en Ivan makke oanspraak op de titel 'Hearsker fan alle Rûs'. Troch syn houlik mei Sofia Palaiologina, in omkesizzer fan Konstantyn XI Palaiologos, de lêste Byzantynske keizer, seach Ivan III syn Ryk as opfolger fan Byzantium en waard Moskou as it Tredde Rome foarsteld. De migraasje fan Byzantinen nei de fal fan Konstantinopel hie in grutte ynfloed op de identiteit fan Moskou as erfgenamt fan de otterdokse tradysjes.
Ivan's opfolger Vasili III oermastere yn 1512 Smolensk op Litouwen en ferlei de grinzen fan Moskoovje nei de Dnjepr.
Tsaardom
bewurkje seksjeVasili's soan Ivan IV, bekender as Ivan de Grousume, wie noch mar in poppe nei de dea fan syn heit yn 1533. Hy waard kroand yn 1547 en naam by it útroppen fan it tsaardom Ruslân (Царство Русcкое, Tsarstvo Rûsskoje) de titel tsaar oan.
Under Peter de Grutte waard it tsaardom in grutte macht, dêr't oare Europeeske machten rekken mei hâlde moasten. Oan it tsaardom kaam in ein yn 1721, doe't Peter de Grutte it Keizerryk Ruslân (Российская Империя) útrôp.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Grand Duchy of Moscow
|