Grypsturt
In grypsturt is in útsûnderlik grouwe en sterke sturt fan in bist, dy't evolúsjonêr adaptearre is om dingen mei fêst te gripen of om him oan dingen fêst te hâlden. In grypsturt fungearret dêrmei as in soarte fan "fyfde lid". Grypsturten komme allinnich foar by wringedieren, en dan noch hast inkeld by soarten dy't in grutdiels yn beammen libje. Sokke bisten sette har sturt yn as helpmiddel by it klimmen of as in soarte fan anker, sadat se mei har folle gewicht oan 'e sturt hingje kinne. Guon bisten brûke har grypsturt net allinne mar om har oan dingen fêst te hâlden, mar ek om foarwerpen beet te pakken en te ferpleatsen. By sûchdieren is it diel fan 'e sturt dat brûkt wurdt om te gripen, almeast ûnbehierre.
Grypsturten komme by sûchdieren foar by grypsturtapen (Atelidae), kapusynapen (Cebus), bûdelrotten (Didelphidae) en fierders by ferskate soarten eameliters, skobdieren en beamkjifstikelbargen, de bearmarter (Arctictis binturong), de rôlsturtbear (Potos flavus) en de nôtmûs (Micromys minutus). Ta de reptilen dy't in gryptsturt hawwe, hearre in protte soarten slangen en fierders de kameleöns (Chamaeleonidae), de Salomoneilânske reuzeskink (Corucia zebrata) en de teistergekko (Correlophus ciliatus) en besibbe soarten. By amfibyen komt in grypsturt foar by de klimsalamanders (Aneides) en by fisken by de seehynders en seenullen (Syngnathidae).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |