Guantánamo (rivier)
De Guantánamo is in rivier op it eilân Kuba. De rivier ûntspringt yn de provinsje Santiago de Cuba eastlik fan de stêd Santiago de Cuba. De rivier streamt dêrnei nei it easten en súdeasten en mûnet út yn de Guantánamobaai by de stêd Kaimanera yn de provinsje Guantánamo.
De rivier is 190 kilometer lang en ûntwetteret in gebiet fan 1221 km² yn de provinsjes Santiago de Cuba en Guantánamo. It lêste part fan de rivier is befarber foar lytse skippen.
-
De Guantánamo ûnder Kaimanera
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Guantánamorivier fan Wikimedia Commons. |