Guildford (stêd)
Guildford is in plak yn de borough Guildford, yn it Ingelske greefskip Surrey.
Guildford | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Regio | Súdeast Ingelân | |
Greefskip | Surrey | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 96.256 (2014) | |
Oar | ||
Tiidsône | (UTC+0) | |
Simmertiid | (UTC+1) | |
Offisjele webside | ||
Guildford Borough Council |
It is it haadplak fan it distrikt Guildford en it bestjoerlik sintrum fan de regio Súdeast Ingelân. De namme betsjut nei alle wierskyn gouden furde yn de rivier de Wey dy't op dat plak troch de North Downs snijt.
De stêd hat twa spoarstasjons en hat goede ferbiningen mei Londen en mei de lofthaven Gatwick. Guildford is Automotive Technik (ATL) fêstige, de bouwer fan de Pinzgauer terreinwein.
Tichtby Guildford leit bûtenpleats Wanborough Manor (1527); yn de Twadde Wrâldkriich siet dêr in opliedingssintrum foar aginten fan de Special Operations Executive (SOE).
Op 5 oktober 1974 die de IRA bomoanslaggen op twa pubs yn Guildford mei de bedoeling soldaten te reitsjen. Fiif boargers rekken doe dea. Fjouwer ûnderstelde IRA-terroristen, mei de bynamme Guildford Four, waarden frijlitten nei fyftjin jier ûnskuldich fêst sitten te hawwen.
Yn 2002 slagge it Guildford, fannijs, net om de status fan city te krijjen.
Stedsbyld
bewurkje seksje-
Gildehal yn Guildford
-
Kastiel fan Guildford
-
Old Royal Grammar School, 1997
-
De kanalisearre Wey yn Guildford
Ferneamde ynwoners
bewurkje seksje- Lewis Carroll (1832-1898), berneboekeskriuwer
- Adam Curry (1964), Nederlânsk-Amerikaansk presintator en ûndernimmer
- Patricia Paay (1949), Nederlânsk sjongster
- Mike Rutherford (1950), (bas)gitarist (Genesis)
- The Stranglers, rockgroep
- P. G. Wodehouse (1881-1975), Britsk-Amerikaansk skriuwer
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Guildford fan Wikimedia Commons. |