Guru (Roxbury (Boston), Massachusetts, 17 july 1961New York, 19 april 2010) wie in Amerikaanske rapper, muzykprodusint en akteur.
Hy waard yn de jierren 80 bekend as lid fan het duo Gang Starr en inysjearre dêrneist it projekt Jazzmatazz. Guru rapte oer swart bewustwêzen en oare maatskiplike ûnderwerpen. Hy wie ien fan de grûnlizzers fan de jazz-rap, in mjuks fan hiphop mei jazz en funk, en jildt as eksponint fan de East Coast Rap. Guru stiet foar Gifted Unlimited Rhymes Universal; it is in pseudonym fan Keith Edward Elam.

Guru
sjonger en/of muzikant
Guru yn 2006
Guru yn 2006
persoanlike bysûnderheden
echte namme Keith Edward Elam
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 july 1961
berteplak Roxbury (Boston)
stoarn 19 april 2010
stjerplak New York
wurkpaad
sjenre Hip-hop, rap East Coast, jazz-rap
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Stim
jierren aktyf 1985–2010
offisjele webside
Offisjele Guru's Jazzmatazz side
Guru mei Gang Starr yn Dútslân, 1999

Under de namme Keithy E. The Guru gie er yn 1987 by de groep Gang Starr. Nei't er yn 1989 as iennichste fan dizze band oerbleau, socht er gearwurking mei muzykprodusint en dj Waxmaster C, letter bekend as DJ Premier. Mei de albums No More Mr. Nice Guy (1989) en Step in the Arena (1991) wist it hiphop duo rillegau ynternasjonaal troch te brekken. It nûmer Jazz Thing wie te beharkjen yn de film Mo' Better Blues fan regisseur Spike Lee.

Neist Gang Starr wurke Guru fan 1993 ôf oan it projekt Jazzmatazz, dêr't er yn gearwurke mei jazz muzikanten sa as Roy Ayers, Donald Byrd, Herbie Hancock en Branford Marsalis, soulsjongster N'Dea Davenport en popmuzikant Jamiroquai. Oant 2000 ferskynden der trije albums fan Jazzmatazz en yn 2007 kaam in fjirde en lêste cd út: The Hip-Hop Jazz Messenger: Back to the Future.

De paden fan Guru en DJ Premier skieden om 2005 hinne. It lêste album fan Gang Starr, The Ownerz, wie yn 2003 ferskynd. Tagelyk brocht Guru sûnt 2001 trije soloalbums út, mar die hienen net it súkses fan Gang Starr en de Jazzmatazzrige. It lêste album, Guru 8.0: Lost and Found, kaam yn 2009 út. Yn dy snuorje waard ek de sykte fan Kahler by Guru fêststeld. Febrewaris 2010 waard er rekke troch hertynfarkt, wêrnei't er trije wiken yn koma lei. Op 19 april 2010 stoar er yn in sikehûs yn de omkriten fan New York.

Guru waard 48 jier.

  • 1993: Jazzmatazz, Vol. 1
  • 1995: Jazzmatazz, Vol. II: The New Reality
  • 1995: Guru presents - Illkid Records
  • 1996: Jazzmatazz, Vol. III
  • 1997: Jazzmatazz, Vol. III: Streetsoul
  • 2000: Streetsoul
  • 2001: Baldhead Slick & Da Click
  • 2005: Version 7.0: The Street Scriptures
  • 2007: Jazzmatazz, Vol. IV: Back To The Future
  • 2009: Guru 8.0 Lost and Found

Keppeling om utens

bewurkje seksje