Carl Gustaf Patrik de Laval (Orsa, 9 maaie 1845 - Stockholm, 2 febrewaris 1913) wie in Sweedske yngenieur en útfiner dy't in bydrage fan belang levere hat oan it ûntwerp fan de stoomturbine en oan de suvelyndustry.

Gustaf de Laval

De Laval folge in oplieding oan de Technyske Hegeskoalle yn Stockholm en studearre ôf as wurktúchboukundich yngenieur yn 1866. Yn 1872 promovearre er yn de skiekunde yn Uppsala.

Yn 1887 boude er in lytse stoomturbine om sjen te litten dat sa'n masine boud wurde koe op dy skaal en yn 1890 makke er in strielpiip om de ynfierfaasje fan de stoom yn de turbine sa heech as it koe te krijen. De fining is ferneamd wurden as Lavalstrielpiip dy't bliken dien hat fan grut belang te wêzen foar de ûntjouwing fan raketten. De omdraaiïngsfaasjes dy't Laval syn turbines berikten easken ek in nije wize fan oerbringing, dy't hjoeddedei noch altyd brûkt wurdt.

De Laval die sines ek ta de ûntjouwing fan de suvelyndustry; hy ûntwurp de earste sintrifugale rjemmeseparator en de iere melkmasines. Op de earste krige er patint yn 1894. Tegearre mei Oscar Lamm rjochte De Laval it bedriuw AB Separator op yn 1883 (namme sûnt 1963 is Alva Laval)

Galery Gustaf de Laval

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje