Gweal
Gweal is ien fan de lytsere, ûnbewenne Scilly-eilannen, in eilannegroep sa'n 45 km foar de kust fan Cornwall yn it Feriene Keninkryk.
Gweal (Kornysk: Gwithial) leit yn it noardwesten fan de Scilly-eilannnen, sa'n 250 m. bewesten Bryher. It heechste punt fan it eilân leit 29 m. boppe de seespegel.[1] Gweal is it grutste eilân fan de Norrard Rocks, in samling rotseilannen dy't om harren bysûndere natoerwearde oanwiisd is as in Site of Special Scientific Interest (SSSI).[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|