Gyliasme
It gyliasme, ek wol de lear fan it tûzenjierrich ryk of it milennialisme, is in lear baseare û.o. op it boek Iepenbiering yn de Bibel, en dan foaral op haadstik 20 fan dit boek. (Chilioi is Gryksk foar tûzen en mille betsjuttet yn it Latyn ek tûzen.)
It begrip tûzenjierrich ryk komt yn de tekst fan de Bibel net foar, mar wurdt somtiden brûkt as titel foar Iepenbierings 20:1-6, de earste ferrizenis. Dy iepenbiering beskriuwt in perioade fan tûzen jier dêr't Jezus regearet en Satan finzen holden wurdt. It Gyliasme basearet him op ynterpretaasjes fan dy iepenbiering.
Der binne ferskillende opfettings en gradaasjes yn it Gyliasme. Men kin it ferpartsje yn 3 haadstreamings: