Hûs en Hiem
Hûs en Hiem is in organisaasje foar wolstânsadvisearring en monumintesoarch mei kantoar oan de J.W. Frisostrjitte yn Ljouwert.
It is sûnt 1985 in gearwurkingsferbân (formeel in "mienskiplike regeling") fan Fryske gemeenten. Sûnt 2015 binne net mear alle gemeenten yn Fryslân by Hûs en Hiem oansletten. Tytsjerksteradiel hat doe opsein. De regeling hat it behâld en stypjen fan de skientme fan stêd en lân as doel. Der wurde yn brede sin advizen jûn oer de romtlike kwaliteit fan Fryslân.
De arsjitekten, monumintendeskundige en in stêdeboukundige binne belutsen by de wolstân- en monuminte-advisearring op grûn fan de Wenningwet en de Monumintewet. Yn 2021 waarden dy wetten opnommen yn de nije Umjouwingswet.
Gearwurking
bewurkje seksjeDer is in gearwurking mei de Federaasje Wolstân, it lanlik oansprekpunt en platfoarm foar welstânsadvisearring en monumintensoarch. Der wurde foarljochtingsjûnen hâlden en is der in twajierlikse tentoanstelling lâns gemeentehuzen en wurdt de ynstelde Vredeman de Vries-priis útrikt.
Mei oare provinsjale organisaasjes sit Hûs en Hiem yn it lanlik Team Romtlike Kwaliteit.
Foargongers
bewurkje seksje- 1925 - Provinsjale Fryske Advyskommisje om ynbreuk op de skientme fan stêd en lân te kearen.
- 1947 - Provinsjale Fryske Skientmekommisje.
- 1980 - Fryske Skientmekommisje "HÛS en HIEM".
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |