H.H. ter Balkt
H.H. (Herman Hendrik) ter Balkt (Harry, Usselo, 17 septimber 1938 – Nymwegen, 9 maart 2015) wie in Nederlânsk dichter. Hy wie oplaat ta ûnderwizer, mar hold dêr yn 1983 mei. De lêste jierren libbe er sober en wie er bot op himsels. Yn 2005 makke er yn in kranteynterview bekend dat er oanhelle wie mei in bipolêre steurnis.
H.H. ter Balkt | ||
skriuwer | ||
Han Lammers & H.H. ter Balkt (1974) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Habakuk II de Balker | |
echte namme | Herman Hendrik ter Balkt | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 septimber 1938 | |
berteplak | Usselo | |
stoarn | 9 maart 2015 | |
stjerplak | Nymwegen | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Poëzy | |
prizen | Herman Gorterpriis (1973) Henriette Roland Holst-priis (1980) Jan Campert-priis (1988) Constantijn Huygens-priis (1998) P.C. Hooft-priis (2003) |
Hy brocht syn earste bondels út ûnder de skûlnamme Habakuk II de Balker.
Ter Balkt wenne yn de wyk Neerbosch-Oost yn Nymwegen.
Prizen
bewurkje seksje- 1973 - Herman Gorterpriis foar De gloeilampen, de varkens
- 1975 - Kabouter van het Oosten-priis foar Boerengedichten, Uier van het Oosten
- 1980 - Henriette Roland Holst-priis foar Waar de burchten stonden en de snoek zwom
- 1988 - Jan Campert-priis foar Aardes deuren
- 1993 - Charlotte Köhler-priis foar In de kalkbranderij van het absolute, Laaglandse hymnen en Ode aan de grote kiezelwal
- 1997 - Karel de Grote-priis foar syn hiele oeuvre
- 1998 - Constantijn Huygens-priis foar syn hiele oeuvre
- 2003 - P.C. Hooft-priis foar syn hiele oeuvre
- 2014 - Earepeinje fan de gemeente Nymwegen
Bibliografy
bewurkje seksje- 1969 - Boerengedichten ofwel Met de boerenbijl
- 1970 - Uier van het Oosten
- 1972 - De gloeilampen, De varkens
- 1973 - Groenboek
- 1973 - Zwijg (roman, ûnder de skûlnamme Foel Aos of Habakuk II). Yn 2007 op 'en nij printe.
- 1974 - Ikonen
- 1975 - Oud gereedschap mensheid moe
- 1976 - De vliegen dragen de zomer
- 1977 - Helgeel landjuweel
- 1978 - Joseph Beuys
- 1979 - Waar de burchten stonden en de snoek zwom
- 1982 - Machines!: maai ons niet, maai de rogge
- 1983 - Hemellichten
- 1984 - How to Start a Wine Cellar, selected poems 1969-1984 (Ingelske karlêzing)
- 1986 - Verkeerde raadhuizen
- 1987 - Aardes deuren
- 1990 - Het Strand van Amsterdam
- 1990 - In de kalkbranderij van het absolute
- 1991 - Laaglandse hymnen
- 1992 - Ode aan de grote kiezelwal en andere gedichten
- 1993 - Het bonenstro
- 1998 - Tegen de bijlen: oden en anti-oden
- 2000 - In de waterwingebieden (gedichten 1953-1999)
- 2002 - Laaglandse hymnen II
- 2003 - Anti-canto's
- 2003 - Laaglandse hymnen I - III
- 2004 - Anti-canto's en De Astatica
- 2007 - Zwijg / De gedenatureerde delta (roman út 1973 en samle kritiken)
- 2008 - Vuur
- 2010 - Onder de bladerkronen
- 2011 - Vliegtuigmagneet
- 2014 - Hee hoor mij ho simultaan op de brandtorens (samle gedichten)
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Biografiyen, wurk en teksten yn de [Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren] (dbnl)