HTML
HTML, folút HyperText Markup Language (Hypertekst-markeartaal), is in formele markeartaal, basearre op SGML, foar it oanjaan fan de struktuer fan in dokumint mei help fan marken (yn it Ingelsk: tags).
Sa binne der marken om koppen (<hx>), alinea's (<p>) en ferwizings (<a>) oan te jaan.
Mei 'hypertekst' wurdt bedoeld dat behalve tekst ek ferwizings brûkt wurde kinne. Ferwizings (Ingelsk: hyperlinks) binne, ornaris keppelings tusken of yn dokuminten, de basis fan it ynternet.
Untstean fan HTML
bewurkje seksjeHTML is betocht yn 1989 troch Tim Berners-Lee om wittenskiplike dokuminten fan it CERN en oare wittenskiplike organisaasjes maklik tagonklik te meitsjen. De ferzje dy't er yn 1989 en 1990 ûntwikkele wie in ienfâldige en benammen tekstoriëntearre taal, basearre op SGML. It wie syn opset dat de taal sa troch oaren maklik útwreide wurde koe. En mei it tanimmen fan de populariteit fan it WWW waarden troch ferskate lju ferskate mooglikheden tafoege, lykas it opnimmen fan ôfbyldings. Sa kamen der ûnderskate ferzjes fan HTML, en dat bleau sa oant yn septimber 1995, doe't de earste standert, HTML 2.0, troch it Internet Engineering Task Force (IETF) fêststeld waard. HTML 2.0 kombinearre de ferskate útwreidings, en waard sa de basis foar alle fierdere HTML-ferzjes. HTML 2.0 joech mooglikheden foar it strukturearjen fan tekst, koppen, ferwizings, listen en fierder ôfbyldings en formulieren.
Fierdere ûntwikkeling
bewurkje seksjeAl yn maart 1995, dus noch foardat HTML 2.0 offisjeel fêststeld waard, ferskynde it konsept HTML 3.0. Dêryn sieten ûnder oaren mooglikheden om tabellen op te nimmen en ferskillende manieren om ôfbyldingen yn teksten te pleatsen. In offisjele standert is HTML 3.0 lykwols net wurden. Troch it fêststellen fan HTML 2.0 wie der net genôch oandacht foar it konsept HTML 3.0 om it fierder te ûntwikkeljen ear't de konsepttiid ôfrûn.
De opfolger fan HTML 2.0 waard HTML 3.2, dy't yn maaie 1996 ferskynde as konsept en yn jannewaris 1997 troch it World Wide Web Consortium (W3C) de status fan oanbefelling krige. Neffens HTML 2.0 wie dizze nije standert útwreide mei ûnder oaren de mooglikheid foar it opnimmen fan tabellen, it brûken fan ôfbyldingskaarten, it yntegrearjen fan Javascript en ekstra mooglikheden foar it opmeitsjen fan tekst yn kombinaasje mei ôfbyldings.
De tsjintwurdige standert is HTML 4.0 dy't yn july 1997 as konsept ferskynde en yn desimber fan dat jier as oanbefelling fêststeld waard. Wichtige tema's yn HTML 4.0 binne de skieding tusken presintaasje en struktuer, it brûken fan stylblêden (CSS) en bettere tagonklikens foar minsken mei in beheining. Stees faker dûkt dêrby it Ingelske tiidwurd " to inline/inlining" of ynrigeljen op.