Haatmail
Haatmail of hatemail (fan it Ingelske hate mail) is in foarm fan kommunkaasje per post (itsij fia e-mail, itsij gewoan troch de brievebus), dy't ta doel hat om 'e ûntfanger te kwetsen. Yn tsjinstelling ta in driichbrief omfiemet haatmail almeast gjin eask om it ien of oar te dwaan of te litten. Haatmail is poer bedoeld om 'e ûntfanger op it sear te kommen en befettet dêrta faak ekstreem grouwélich en/of misledigjend taalgebrûk.
It is de skriuwer fan haatmail derom te dwaan om in die fan 'e ûntfanger ôf te karren, him te ûntmoedigjen of te yntimidearjen of om wraak te nimmen. It motyf dêrfoar kin sawol polityk as persoanlik wêze. De ynhâld fan haatmail rint útinoar fan misledigjend op it persoanlike flak, oant rasistysk, homofoob of op oare manearen diskriminearjend foar hiele groepen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |