Half-Life 2 (Stileare as HλLF-LIFE2; ôfkoarte nei HL2 or λ2), it ferfolch fan Half-Life, is an first person shooter fideospul en in typearjende titel yn de Half-Life rige. Ûntwikkele troch Valve Corporation, waard it earst útbrocht op 16 novimber 2004, nei in a langhalige fiif-jierrige,[1] $40 miljoen kostjende ûntwikkelingssyklus,[2] wylst in grut part fan it projekt lekt wie en frij it ynternet telâne rakke.[3]

It spul waard ûntwikkele tagelyk mei Valve harren Steam software. It yntrodusearre de Source engine en, troch Steam, it earste single-player fideospul wêrby online produktaktivearring nedich wie. [4][5]

Lyk as by syn foargonger, krige Half-Life 2 nei-oan-unanym byfal. [6][7] It waard priizge foar syn avansearre 'physics': de realistyske natuerkundich dynamyske simulaasje fan it bewegen fan foarwerpen yn de spulwrâld, de computer animeasje, lûd , de AI, de graphics en it ferhaal. It spul wûn 39 Game of the Year Awards ("Spul fan it Jier-prizen"); [8] wylst guon publikaasjes it spul it bêste fan it desennium neamden. It wûn de titel fan "Game Of The Decade" by de Spike Video Game Awards yn 2012.[9][10][11] Mear as 6.5 miljoen stiks fan Half-Life 2 waarden ferkocht yn winkels tsjin 3 desimber 2008, wêrtroch it fideospul in hit waard op de pc[12] (noch sûnder it ferkeapjen fia Steam).[13] Tsjin 9 febrewaris 2011 binne der fan Half-Life 2 mear as 12 miljoen stiks ferkocht.[14]