Hambone Willie Newbern
William Newbern (1901 - 15 april 1965), bekend as Hambone Willie Newbern, wie in Amerikaansk country-blues muzikant.
Libben en wurk
bewurkje seksjeOer syn libben is net folle witten. Der wurdt tocht dat er berne is yn Haywood County, Tennessee, tichtby Brownsville oan de Tennessee State Route 19. Hy hat yn de 20er en 30er jierren spile mei Yank Rachell en Sleepy John Estes (fan wa't Hambone it measte leard hat). Hy naam ien fan de earst bekende ferzjes fan de bluesklassiker "Rollin' and Tumblin'" op yn 1929. Hy hat mar seis nûmers totaal opnaam, wêr't ek "She Could Toodle-Oo" en "Hambone Willie's Dreamy-Eyed Woman's Blues" by wiene.
Newbern wie bekend as in rimpen en hjithollich man, mar berjochten dat er deaslein waard by in heachgeande rûzje yn in finzenis, wurdt betwifele. De ûndersikers Bob Eagle en Eric LeBlanc hawwe ferklearre dat er thús yn Memphis (Tennessee), yn 1965, ferstoarn is.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |