Hanna Pauli
Hanna Hirsch, letter Hanna Pauli (Stockholm, 13 jannewaris 1864 – Solna, 29 desimber 1940) wie in Sweedsk keunstskilder.
Hanna Hirsch wie in dochter fan myzykútjouwer Abraham Hirsch. Sy wie befreone mei Eva Bonnier, beide folgen de skilderskoalle fan August Malmström en de Keninklike Sweedske Keunstakademy yn Stokholm. Hanna Hirsch studearre ek yn Parys fan 1885 oant 1887 en hie dêr yn dy tiid in skoft in atelier mei Bonnier. Har portret fan de Finlânske byldhouster Venny Soldan (no yn it Göteborsk Museum foar Keunst) waard oannaam yn de Salon fan Parys yn 1887. It portret is realistysk en net akademysk foar dy tiid.
Lykas as ek oare Sweedske keunstners fan har generaasje, stiet sy mei har wurk tichter by de Frânske juste milieu-skilders as by de measte ympresjonisten.
Yn 1887 boaske hja oan de skilder Georg Pauli en gie mei him nei Italië dêr't hja in jier taholden.
Hanna Pauli hat totale produksje wie net grut. It binne meast portretten, lykas dy fan de skilder Karl Nordström (1890; sit yn de Bonnier-portrettesamling, Nedre Manilla, Stokholm), skriuwer Verner von Heidenstam as Hans Alienus (ien fan syn literêre personaazjes, 1896), skriuwster Selma Lagerlöf (1932, Nationalmuseum) en it groepsportret Vänner ('freonen', 1907, Nationalmuseum) dêr't skriuwster Ellen Key op te sjen is dy't foarlêst yn it hûs fan de Paulis.
-
Konstnären Venny Soldan-Brofeldt, om 1880
-
Frukostdags (Tiid foar't moarnsiten), 1887
-
Hans Alienus, 1896
-
Hanna i blå klänning (Hanna yn blauwe klean) fan Georg Pauli, 1896
-
Vänner (freonen) – Ellen Key lêst freonen foar op Bellmansgatan 6, tusken 1900 en 1907
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hanna Pauli fan Wikimedia Commons. |