Hanny Alders
Hanny Alders (Rotterdam, 18 juny 1946 - Skoarl, 22 july 2010) wie in skriuwster fan histoaryske romans. Yn 1987 publisearre hja har debútroman Non Nobis, oer de ûndergong fan de Timpeliers, dy't bekroane waard mei it Gouden Ezelsoor foar it bêst ferkochte debút. Sûnt brocht hja noch ferskate histoaryske romans dy't allegear ferfolging om it leauwe en konflikten tusk oarstinkenden as tema hawwe.
Hanny Alders | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hanny Alders | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 18 juny 1946 | |
berteplak | Rotterdam | |
stoarn | 22 july 2010 | |
stjerplak | Skoarl | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Histoaryske romans |
Alders har wurk waard ek foar in part yn it Dútsk oerset.
Bibliografy
bewurkje seksje- Non Nobis, roman (1987)
- Waarom vraag je me te zingen?, roman (1988)
- Marcabru, roman (1992)
- Jan van Scorel, roman (1995)
- De volmaakte ketter, roman (1999)
- In het spoor van de troubadour, reisferslach (2002)
- In het spoor van de katharen, reisferslach (1999)
- In het spoor van de moor, reisferslach (2004)
- De kopiist, roman (2010)