Hans Kollwitz (14 maaie 1892 - 1971) wie in Dútsk dokter en útjouwer.

Biografy bewurkje seksje

Kollwitz wie de âldste soan fan Karl Kollwitz en Käthe Kollwitz. Hy focht yn de Earste Wrâldkriich; syn jongere broer, Peter Kollwitz sneuvele op 23 oktober 1914 yn Esen. Nei de oarloch wie er dokter yn Berlyn en wenne er by syn heit en mem. Yn 1919 boaske er oan Ottilie Ehlers. Sy krigen op 10 july 1921 soan Peter, op 29 maaie 1923 twa dochters, Jutta en Jordis, en yn 1930 harren soan Arne. Arne Kollwitz wie jierrenlang urolooch en genêshear-direkteur fan it Franziskus-Krankenhaus yn Berlyn.

Yn 1928 wie Hans Kollwitz skoaldokter. Soan Peter sneuvele yn 1942, doe't er 19 wie, oan it Eastfront yn Ruslân. Nei de Twadde Wrâldoarloch hat er pinsjoen oanfrege en hat er him fierders talein op it publisearje fan syn memme wurk. Yn 1948 joech er har earste deiboek en brieven út, letter folge in boek mei foto's fan har.

Boeken bewurkje seksje

  • Käthe Kollwitz, Tagebuchblätter und Briefe. Hrsg. von Hans Kollwitz. Berlin 1948
  • Käthe Kollwitz, Briefe der Freundschaft und Begegnungen. Hrsg. von Hans Kollwitz. München 1966
  • Käthe Kollwitz, Das plastische Werk. Fotos von Max Jacoby. Hrsg. von Hans Kollwitz. Mit einem Vorwort von Leopold Reidemeister. Hamburch 1967

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: