Hans Ludwig Sierks
Hans Ludwig Sierks (Seeth, 24 july 1877 - Berlyn, 23 april 1945) wie in Dútsk sivyl yngenieur, sosjaaldemokratysk gemeenteriedslid en belutsen by it ferset tsjin it nazirezjym.
Biografy
bewurkje seksjeFoar de Earste Wrâldoarloch wurke er foar de lokale oerheid yn in soad Dútske stêden en wie er belutsen by de oanlis fan de Anatolyske Spoarwei. Yn 1912 naam er as haadyngenieur it bouburo fan Dresden oer.
Yn 1919 waard er lid fan de SPD. Yn 1923 naam er tegearre mei Rudolf Renner de lieding oer fan de Proletaryske Hûnderten (Proletarische Hundertschaften) yn Dresden. Hy kaam hieltyd mear yn konflikt mei de koälysjepolityk fan de SPD en ferliet de partij úteinlik yn 1930. Yn 1931 sleat er him oan by de opposisjonele sosjaaldemokraten yn de SAP (Sozialistische Arbeiterpartei Deutschlands, 1931).
Sierks hie in ynternasjonale reputaasje opboud mei syn wittenskiplik wurk op it mêd fan sivile technyk en wie dêrom faak aktyf yn it bûtenlân. Yn de maitiid fan 1933 kaam Sierks werom út Sweden, nettsjinsteande de terreur dy 't ûnderwilens yn Dútslân ûntstien wie. Doe't ien fan syn boeken yn maaie 1933 ek ferbean waard, protestearre er dêr tsjin en waard dêrom tydlik arrestearre. Nettsjinsteande it gefaar dat er rûn nei syn frijlitting út de finzenis, hold er kontakt mei syn sosjaaldemokratyske en kommunistyske freonen. Yn 1943 sleat er him oan by de Bewegung Freies Deutschland en stipe er de fersetsstriid fan de groep om Georg Schumann hinne.
Nei de mislearre moardoanslach fan 20 july 1944 op Adolf Hitler holp er generaal Fritz Lindemann te ûntkommen oan de Gestapo. Op 25 july waard er om help frege troch Hermann Lindemann, in famyljelid fan Fritz Lindemann en sosjaaldemokratysk boargemaster fan Senftenberg oant 1932. Sierks brocht him yn kontakt mei syn freon arsjitekt en fersetsman Erich Gloeden, dy 't Joaden holp om ûndergrûnsk te gean.
Sierks waard op 3 septimber 1944 arrestearre nei in syktocht nei Lindemann op 19 augustus. Op 1 desimber 1944 waard er, krekt as Carl Adolf Marks, ta de dea feroardiele troch de folksrjochtbank ûnder foarsitterskip fan Roland Freisler. Oant it fonnis útfierd waard, siet Sierks fêst yn de Lehrter Strasse finzenis. Tegearre mei abbekaat Klaus Bonhoeffer en jurist Rüdiger Schleicher en oare finzenen waard er yn de nacht fan 22 op 23 april 1945 deasketten troch in spesjaal kommando fan it haadburo fan de steatsfeilichheid.
Literatuer
bewurkje seksje- Bengt von zur Mühlen (Hrsg.): Die Angeklagten des 20. Juli vor dem Volksgerichtshof. Chronos Film, Berlyn 2001, ISBN 3-931054-06-3.
- Luise Kraushaar e. o.: Deutsche Widerstandskämpfer 1933–1945. Biografien und Briefe. Band 2. Dietz-Verlag, Berlyn 1970, s. 280 en folgjenden.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hans Ludwig Sierks fan Wikimedia Commons. |