Harappa (Sanskryt हडप्पा, haḍappā) is in argeologysk fynplak yn Punjab, yn it noardeasten fan Pakistan. It leit oan de eardere rin fan de rivier de Ravi, sa'n 35 km súdwest fan Sahiwal. Harappa is in ruïnestêd út 'e tiid fan 'e earste Yndusbeskaving fan 'e Aldheid, dy't by argeologyske opgravings oan it ljocht brocht is.

Lokaasje fan Harappa yn de Indusfallei.
Harappa hjoed-de-dei

It Antike Harappa

bewurkje seksje

De oerbliuwsels fan it âlde Harappa foarmje de ruïnes fan in fersterke stêd út de Aldheid. Dizze stêd makke yn de antike âldheid in bloeitiid troch tusken 3300 f.Kr. en 1600 f.Kr. Nei alle gedachten wennen der op har hichtepunt goed 40.000 minsken, wat foar dy tiid in hiele protte wie.
De ûntdekking waard dien troch Sir Alexander Cunningham dy't yn de jierren 1872 oant 1873 de earste opgravings útfierde. De wiere betsjutting fan Harappa krong pas troch nei 1920, doe't de hege âlderdom en de betrekkingen mei in folle rommer ferspriede hege beskaving ûntdekt waard, dêr't Harappa inkeld in wichtige skeakel yn foarme.

De stêd wie oplutsen út liemtegels, dy't yn de sinne drûge of bakt wiene. Ek lei der in fêst rjochthoekich patroan fan strjitten dêr't troch eardere bewenners goed oer neitocht wie. Datselde strjittepatroan is oeral oantroffen yn oare opgroeven stêden yn de Yndusfallei. De oanwêzigens fan wenten foar riken of eallju en timpels binne net weromfûn.

Archeologen tinke dat de antike stêd fan Harappa in urbaan sintrum foarme dat de hiele noardlike sône fan de Yndusfallei dominearre.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  • Farmer Steve, Sproat Richard, and Witzel Michael, The Collapse of the Indus-Script Thesis: The Myth of a Literate Harappan Civilization, EVJS, vol. 11 (2004), issue 2 (Des.) [1]
  • Witzel, M. and Farmer S., "Horseplay in Harappa" Frontline, 10 oktober, 2000. [2]