Harhoog is in ferlingde dolmen, in rjochthoekige megalityske tombe, ûnder Keitum op it eiland Sylt yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De dolmen soe boud wêze troch de trachterbekerkultuer, wierskynlik om 3000 f.Kr. hinne. It bouwurk dat yn 1925 ûndutsen waard, leit sûnt 1954 net mear op syn oarsproklik plak, om reden fan de oanlis fan in fleanfjild.

It monumint kaam oan it ljocht by de winning fan ierde foar de bou fan de Hindenburgdaam, mar waard earst yn 1936 archeologysk ûndersocht.