Hasker Sleat
De Hasker Sleat is in feart yn de gemeente Skarsterlân. De feart rint yn de Haskerfeanpolder tusken De Jouwer en It Hearrenfean fan de wei de Untginning yn de Haskermieden nei it suden. It rint west fan it Hearrenfeanster Kanaal lâns stoartplak De Wierde en it sângat bylâns de Fjildwei nei de A7.
De namme Hasker Sleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Haskersloot.