Hasselter Kwestje
De Hasselter kwestje wie in kwestje tusken Fryslân en Hollân yn 1592.
De partij om Karel Roarda woe it stedsje Hasselt, dat skeel hie mei Swol, by Fryslân lûke. Willem Loadewyk fersette him hjir tsjin. De spanning tusken beide partijen berikte dêrby in hichtepunt. Doe't in brief fan Karel Roarda yn hannen kaam fan Willem Loadewyk koe dy him útskeakelje. Hasselt waard troch it Fryske garnizoen ûntromme, wylst Hollân syn troepen út Starum weromluts.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|