Hatred (film út 2016)

film út 2016 fan Wojciech Smarzowski

De film Hatred of Volhynia (orizjinele Poalske titel: Wołyń) is in Poalske film út 2016. As ynternasjonale titel wurdt ek wol Hatred: Murder of the Innocent brûkt. De film spilet yn de tiid fan 1939 oant 1943 en it sintrale tema is de folkemoard op de Poalske mienskip fan Wolhynje en East-Galysje.

Hatred
film
makkers
regisseur Wojciech Smarzowski
produsint Film itp. z o.o.
senario Wojciech Smarzowski
muzyk Mikołaj Trzaska
distribúsje 20th Century Fox (Dútslân)
Freestyle Releasing (Noard-Am.)
spilers
haadrollen Michalina Łabacz

Vasyl Vasylyk

skaaimerken
lân/lannen Poalen
premiêre 7 oktober 2016
foarm langspylfilm
sjenre drama
taal Poalsk, Oekraynsk, Dútsk
spyltiid 150 minuten

De film waard regisearre troch Wojciech Smarzowski nei hast twa jier histoarysk ûndersyk. Hy brûkte dêrby in samling fan koarte ferhalen mei de Poalske titel "Nienawiść" (Haat) fan Stanisław Srokowski, skreaun fanút it perspektyf fan in bern, en de oantinkens fan tsjûgen.

De film waard op it 41e Poalske Filmfestival fan Gdynia nominearre foar de Gouden Liuw en krige foar it kamerawurk, foar it bêste debút en de bêste make-up in ûnderskieding.

Yn 'e maaitiid fan 1939 is Zosia, in jong Poalsk boerefamke, fereale op de Oekraynske Petro út itselde doarp. Har heit twingt har lykwols te boaskjen mei in begoedige Poalske widner.

As de Twadde Wrâldoarloch útbrekt rûke Oekraynske nasjonalisten harren kâns om troch kollaboraasje mei de besetter Wolhynje te suverjen fan alles wat net-Oekraynsk is. Yn 'e simmer fan 1943 en fral op de Bluoderige Snein fan 11 july 1943 besiket hja de wrede oanfallen fan de Oekraïners te oerlibjen.

Histoaryske gearhing

bewurkje seksje
  • De persoan fan de ofsier fan it Poalske thúsleger om te ûnderhanneljen mei it Oekrayske Opstannelingenleger (UPA) ferwiist nei de dichter en ofsier Zygmunt Rumel, dy't yn it plak dêrfan troch soldaten fan de UPA oan fjouwers hynder bûn en yn stikken skuord waard.
  • De ynfal fan Oekraïners yn 'e katolike tsjerke giet werom op de oanfal fan 11 july 1943 yn it doarp Kisielin, in datum dy't yn de neitins "Bluoderige Snein" neamd wurdt. Sokke oanfallen waarden op 'e selde dei ek útfierd yn Poryck, Chrynów, Krymno en Zabłoćce.
  • De sêne fan it segenjen fan bilen, seinen en heafoarken stiet yn it ljocht fan in barren op 28 augustus 1943 yn it doarp Sztuń by Liuboml. De preek yn de otterdokse tsjerke fûn op 27 septimber 1943 yn it doarp Ivankowicze plak.
  • De Poalske wraakaksje soe betrekking hawwe kin op de moardpartij yn Sahryń (10 maart 1944) of op de moardpartij fan Pawłokoma (3 maart 1945), alhoewol't yn Pawłokoma de froulju en de bern sparre bleaune.

Rolferdieling

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.