De Hausa binne in West-Afrikaansk folk dat foar it grutste part yn it noardwesten fan Nigeria wennet, dêr't sy de grutste befolkingskloft foarmje, en yn it súdwesten fan Niger. It folk telt tusken de 24 en 27 miljoen leden. Harren taal (Hausa), mei in protte Arabyske eleminten, wurdt ek troch oare West-Afrikaanske folken brûkt as hannels- en fiertaal.

Hausa harpspiler yn Nigeria

De Hausa libje fan de ikkerbou (garst, stynske weet, yam, tabak en katoen), yn de stêden fral fan ambachtlik wurk (fervjen fan stoffen, weevjen, metaal- en learbewurking). Troch de geunstige geografyske lizzing besuden de grutte hannelswegen troch de Sahara heart de wolfeart fan de Hausa ta de heechste ûnder de keaplju fan West-Afrika. Troch harren reizen hawwe de Hausa meiholpen oan de útwikkeling fan talrike kulturele saken út útienrinnende lannen, lykas ark, wapens of klaaiïng.

 
Kriten yn Niger & Nigeria dêr't Hausa praat wurdt

Hoewol't de Hausa al sûnt de 14e iuw gruttendiels islamitysk binne, hawwe sy noch inkele kultuereleminten út de foar-islamityske tiid behâlden, bygelyks de boriskultus fan de froulju dêr't troch ritmyske dûnsen de geasten fan de foarâlden by besward wurde.


 
Dit artikel is in stobbe oer folkekunde.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.