Hawaïaansk
(Trochferwiisd fan Hawaiaansk)
It Hawaïaansk is in taal dy't heart by de Polynesyske kloft fan de Austronezyske taalfamylje. De taal wurdt sprutsen op de Hawaï-eilannen yn de Grutte Oseaan. De taal is in gefaar komd troch de komst fan it Ingelsk fan de Amerikaanske befolking dy't op de eilannen wennet.
Hawaïaansk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | gjin | |
eigen namme | ‘Ōlelo Hawai‘i | |
lânseigen yn | Hawaï | |
tal sprekkers | likernôch 2000 | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Austronesysk - Malayo-Polynesysk - Oseanysk - Polynesysk - Nukleêr Polynesysk - East-Polynesysk - Markwesysk - Hawaiaansk | |
dialekten | gjin | |
taalstatus | ||
offisjele status | op Hawaï in offisjele taal | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | - | |
ISO 639-2 | haw | |
ISO 639-3 | haw |
It Hawaïaanske alfabet hat mar trettjin letters:
a,e,h,i,k,l,m,n,o,p,u,w + de okina, dy't ek sa likernôch in letter neamd wurden mei en dy't in tige spesjale funksje hat. Troch dizze okina wurdt Hawai'i net útsprutsen as 'Hawaai', mar as 'Ha - waai - y'. Yn taalkundige terminology hjit dat in glottislag.
It Hawaïaansk hat mar sân bylûden (mei de okina acht) tsjinoer fiif lûden. It Hawaïaansk is in oerdreaun foarbyld fan in lûdentaal.