Hawaïaansk

(Trochferwiisd fan Hawajaansk)


It Hawaïaansk is in taal dy't heart by de Polynesyske kloft fan de Austronezyske taalfamylje. De taal wurdt sprutsen op de Hawaï-eilannen yn de Grutte Oseaan. De taal is in gefaar komd troch de komst fan it Ingelsk fan de Amerikaanske befolking dy't op de eilannen wennet.

Hawaïaansk
algemien
oare namme(n) gjin
eigen namme ‘Ōlelo Hawai‘i
lânseigen yn Hawaï
tal sprekkers likernôch 2000
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Austronesysk - Malayo-Polynesysk - Oseanysk - Polynesysk - Nukleêr Polynesysk - East-Polynesysk - Markwesysk - Hawaiaansk
dialekten gjin
taalstatus
offisjele status op Hawaï in offisjele taal
taalkoades
ISO 639-1 -
ISO 639-2 haw
ISO 639-3 haw

It Hawaïaanske alfabet hat mar trettjin letters:

a,e,h,i,k,l,m,n,o,p,u,w + de okina, dy't ek sa likernôch in letter neamd wurden mei en dy't in tige spesjale funksje hat. Troch dizze okina wurdt Hawai'i net útsprutsen as 'Hawaai', mar as 'Ha - waai - y'. Yn taalkundige terminology hjit dat in glottislag.

It Hawaïaansk hat mar sân bylûden (mei de okina acht) tsjinoer fiif lûden. It Hawaïaansk is in oerdreaun foarbyld fan in lûdentaal.

Keppelings om utens

bewurkje seksje