Hawker Hunter


Rol Jachtfleantúch, jachtbommesmiter
Makker Hawker Siddeley
Earste flecht 20 july 1951
Yn tsjinst 1954
Ut mlitêre tsjinst 2014
Tal makke 1.972
Grutske bûkers Royal Air Force, Loftmacht fan Yndia, Loftmacht fan Sweden, Loftmacht fan Switserlân

De Hawker Hunter is in Britske strieljager út de fyftiger jierren. In soad minsken beskôgje dit type as de bêste en meast elegante transoanyske jager. De Hunter tsjinne lange jierren by de Royal Air Force en der waard ek in grut tal fan eksportearre. Der binne 1927 Hunters troch Hawker Siddeley boud en ek ûnder lisinsje. It type hat by de loftmacht fan 19 lannen tsjinne. Yn Switserlân hat de Hunter oant 1994 tsjinne.

Lannen dêr't de Hunter tsjinne hat
Hawker Hunter
Hawker Hunter FMk58, J-4040 „PAPYRUS“ fan Switserlân

Hunters by de Nederlânske loftmacht

bewurkje seksje

Yn de Keninklike Loftmacht hawwe Hunter F.4s, F.6s en T.7s tsjinne fan 1956 oant 1968. It type waard ferfongen troch de Lockheed F-104G Starfighter.

Technyske feiten en prestaasjes

bewurkje seksje

Ofmjittingen

  • Lingte 14,00 m
  • Hichte 4,01 m
  • Spanwiidte 10,26 m
  • Fleugeloerflak 32,42 m²

Gewicht

  • Leechgewicht 6405 kg
  • Startgewicht 8050 kg
  • Maks. gewicht 11158 kg

Krêftboarne

  • Motor 1×Rolls-Royce Avon 207 turbojet
  • Driuwkrêft 45 kN

Prestaasjes

  • Topfaasje 1150 km/o
  • Klimfaasje 87,4 m/s
  • Aksjeradius mei eksterne brânstoftanks 3060 km
  • Tsjinstplafond 15240m

Bewapening

  • Boardgeskut 4×30 mm ADEN kanonnen, 150 patronen it stik
  • Bommen (mei raketgewicht) 3400 kg
  • Raketten AIM-9 Sidewinder, AGM-65 Maverick, 18-fâldige SNEB 68 mm raketten, SURA raketten.
  • Hawker Hunter (Vliegend in Nederland 4), 'Flash Aviation', 1990.

Keppelings om utens

bewurkje seksje