Haytsmastate (Makkum)
De Haytsmastate, ek wol Grut Haytsmastate, ‘t Slot Grut Aisma wie in state wat noard fan Makkum oan de ein fan de oprydleane yn de gemeente Wûnseradiel. Fan de state is neat mear oer. Healwei de 20e iuw wienen de opruydleane en de grêften noch dúdlik te werkennen.
De state bestie al foar 1660. Eartiids stie hjir in pleats mids oare pleatsen en wenningen, op in terp. Dizze pleats groeide letter út ta de Haytsmastate. Troch ferbouwing of nijbou waard yn de fyftjinde of sechtjinde iuw hjir in stiennen hûs boud. De oare bebouwing op de terp ferdwûn geandewei troch de feroarjende ekonomyske situaasje. Soks barde mei troch ûntwikkelings dy't har nei 1600 ôfspilen om de súdliker lizzende Achlumerzyl en Olde Cloosterzyl. Dêr ûntstie in nije buert, dy't útgroeide ta hannelsplak en it âlde Makkum op en doer oerskade, yn rykdom en ynwennertal. De Haytsmastate kaam, trochh de ôfbraak fan de omlizzende bebouwing bûten it doarp te lizzen en krige mear alluere troch in tal ferbouwingen. Fan in gewoan stienhûs mei agraryske funksje, feroare it yn in aadlike wente. De agraryske funksje waard oernomd troch de wat súdliker lizzende pleats Lyts Haytsma.
Earste bewenning
bewurkje seksjeOer de ierste bewenning is net folle bekend. De âldst bekende famylje sil Haytiema (Haytsma) hjitten hawwe, dit sil dan yn de 15e iuw west ha. It gebou hie doe in stinseftich karakter, in ferdigenbere toer, dy't yn de tiid fan twisten en oarlogken beskerming bea. Oant yn de 17e iuw hat de famylje Haytsma de state yn besit hân. Yn de 17e iuw is de famylje de State ferhieren gien. Dit blykt út de list mei stimgerjochtigden út 1640. Yn dat jier wennet Gosse Durks op de Haytsmastate, dy't doe yn eigendom wie fan juffer Johanna fan Bothnia en fan de widdo fan Haytsma.
Troch fererving waard doe jonkhear Bonne fan Donia eigener. It soe de bekendste bewenner fan de state wurde. Yn 1660 lei hy de earste stien foar de nije tsjerke. Op in balke yn de tsjerke stiet: “Jonker Bonne van Donia den eersten steen hyer leyde met Godes hulp Gods kerk hij eernstich dee beryde(n) de 23 Marty 1660”.
Grevinne Carelson
bewurkje seksjeNei syn dea ferervet de State op Rixt Keympes Harinxma fan Donia en dêrnei, oant de brân yn 1732, wie de state yn it besit fan de Grevinne Carelson. Hja ferhiert opnij de state. Yn 1698 is Hidde Teeckes hieredr fan de Grut Haytsmastate, dat danfoar de iene helte yn besit bllykt te wêzen fan de riedshear Ockinga en foar de oare elte fan grevinne Carelson. Hy oefent nei alle gedachten dêr it boerebedriuw út. Lyts Haytsma wurdt ferhierd oan Johannes Benienes, eigendom fan grevinne Carelson. Hjirút bklykt dt der fan in ienheid gjin sprake mear is. De beide gebouwen wûnder ôfsûnderlik ferhierd oan ferskillende minsken.
De grevinne Carelson, Isabella Suzanna neamd, wie dochter fan George Frederick thoe Schwartzenberg, grytman fan Menameradiel en fan syn frou Doedt fan Holdinga. Se boasket yn 1685 mei Gustav Carelson, in soan fan de Sweedske kening Karel X. Yn 1690 erfde hja alle besittings fan Rixt Keympes Harinxma fan Donia, de widdo fan Watze Frans Cammingha. Under dizze besittings sil ek de Haytsmastate west hawwe, Bonne fan Donia wie mooglik famylje fan Rixt Keympes Harinxma fan Donia. Yn 1822 wurdt de Haytsmastate, ‘t Slot Groot Aisma neamd. De grevinne Carelson is dan noch altiten eigenaresse. De namme Aisma moat wat te krijen hawwe mei de famylje Aysma út Dyksterhuzen, in buorskip tichtby it âlderlike dioarp fan de gravinne, Bitgum. Dizze famyljhe Aysma hie dêr in state dy't Grut Aysma neamd waard en ek in pletas, dy't lyts Aysma hjitte. Mooglik hierde dizze famylje om dy tiid de Haytsmastate fan de grevinne.
Ein
bewurkje seksjeTroch de iuwen hinne hat de state in soad ferbouwings ûndergien en groeide hy út fan in ferdigeningstoer ta in eptich en ymposant aadlik hûs. Yn 1732 bruts der brân út, dy't it gebou hielendal ferwoaste, wêrnei't it ôfbrutsen waard. De wat súdliker lizzende pleats Lyts Haytsma bleau sparre. Dy waard pas yn de njoggentjinde iuw sloopt.
Tsjintwurdich binne allinnich noch in gedielte fan de oprydleane en omgrêfting ûndúdlik te werkennen. Yn de jierren tritich fan de tweintichste iuw waarden by ploechwurk faakpún en skulppegrús omheech helle. Doe waard ek in sulveren fingerhoed fûn. Yn dy fingerhoed stie de namme gravearre.
De ienige oerbliuwsels fan de Haytsmastate sille mooglik yn de takomst ferdine. Der besteane nammentlik plannen om der in jachthaven oan te lizzen. Dan sille net allinnich de Haytsmastate, mar ek it restant fan de dêr oanwêzige terp ferdwine.
Bewenners
bewurkje seksje- 15e en 16e iuw famylje Haytiema
- 1640 Gosse Durks (eigeners: juffer Johanna fan Bothnia en de widdo fan Haytsma)
- ± 1660 Bonne fan Donia
- Rixt Keympes Harinxma fan Donia
- 1798 Hidde Teeckes (hierder)
- begjin 18e iuw - 1732 grevinne Carlson
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |