De Hearrewâl is de wâl fan de Hearresleat op It Hearrenfean. De wei rint fan en bylâns de Hearresleat, fan de Hearrewâlsterbrêge (by it "Breedpaad") oant de Skânsterbrêge by de "Dûbele Rigel".

It krige syn namme troch de hjirlâns rinnende Hearresleat. Dy Hearresleat waard koart nei 1551 (oprjochting fan de Dekema-, Cuijck- en Foeyts-Feankompanjy) groeven foar ôffier fan it tefolle oan feanwetter en fan turf. De Hearrewâl is it âldste diel fan It Hearrenfean; der stienen al huzen foar de bebouwing (as gefolch fan de ferfeaning troch "D.C.F.-kompanjy) op oare plakken begûn (1551 earste hûs by de haadbrêge).

De "Hearrewâl" lei oant 1 july 1934 (wet 'It Hearrenfean-Ien') yn de gemeente Haskerlân (no Skarsterlân) en bestie eartiids út trije dielen: de "Hearrewâl" ûngefear oant de Stasjionsbrêge, de "Geile" ûngefear oant de pastorije en de Skâns, it noardlike diel.

De bewenners bestienen yn haadsaak fan de skipfeart. Mids 19e iuw wienen der noch twa skipshellingen. De oan de "Hearrewâl" steande N.H.-tsjerke is nei alle gedachten boud (earste stien lein yn 1775) op de grûnslaggen fan in âldere tsjerke (H.Johannes) - neffens oare boarnen stie it âlde tsjerkje by it tsjerkhôf oan de Jousterwei (ôfbrutsen yn 1713 à 1715) en bestiet út in rjochthoekich skip mei 3/8 sluting. Yn de foargevel in stien mei opskrift en wapen. Foar de tsjerke twa hikkeslipers mei twa lizzende liuwen derop.

Yn 1542 stienen oan de Hearrewâl al in pear huzen oan in yn minne steat ferkearende wettergong (foargonger fan de Hearresleat). It graven fan de Hearresleat wie yn 1557 oan Akkrum ta komd. Op 26 augustus 1876 waard oanbestege het maken van een stenenwalmuur te Nijehaske vanaf de scheiding met Schoterland (het brugje over de Veenscheiding) tot de opslag bij de basculebrug.

Yn 1900 waarden de balstiennen fan de Hearrewâl ferfongen troch 'strjitklinkers'. It âlde ophelbrechje oan de mûning fan de Engelenfeart waard yn 1934 troch in nije (baskule-)brêge ferfongen. Dat barde mei yn it ramt fan de ferbettering fan de Engelenfeart ta '2e klasse farwetter'.