Hegedrukgebiet
In hegedrukgebiet is in gebiet dêr't de luchtdruk heger is as yn it gebiet deromhinne. In hegedrukgebiet stiet foar in legedrukgebiet oer, dêr't de luchtdruk leech is. It symboal fan in hegedrukgebiet is de letter H. Dy wurde op waarkaarten brûkt om oan te jaan wêr't in hegedrukgebiet is en wurde yn de kearn fan it hegedrukgebiet oanjûn dêr't de luchtdruk it heechst is.
Wannear't de luchtdruk tanimt, is der ornaris in ferbettering yn it waar geande, wylst in sakjende luchtdruk minder waar jout. It hoecht net altyd sa te wêzen. Dat hat te krijen mei sakjende lucht yn it hegedrukgebiet.
De wyn om in hegedrukgebiet draait op it noardlik healrûn oer it ierdoerflak mei de wizers fan de klok mei, wylst er op it súdlik healrûn tsjin de wizers fan de klok yn draait. Dat komt troch it draaien fan de ierde.
Hegedrukgebieten bewege folle stadiger oer it ierdoerflak as legedrukgebieten. Somtiden steane se lang stil. As in hegedrukgebiet boppe Skandinaavje, noardlik fan Fryslân, stilstiet, sil der yn Fryslân in eastewyn waaie. Winterdeis sil er kâlde lucht oanfiere út it easten wei. Simmerdeis bringt sa'n noardlik hegedrukgebiet ta in waarme drûge eastewyn.
Hege- en legedrukgebieten bepale it ferpleatsen fan de luchtdruk yn de atmosfear; dat wurdt atmosfearyske sirkulaasje neamd.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|