Heiling
In heiling is in kleurd berneprintsje dat foar bysûndere prestaasjes op skoalle ferjûn waard. Se komme as hilligenprintsjes al foar yn de Midsiuwen. Bern wiene der faaks tige wiis mei. Op heilingen stie faak in learsume tekst. De printsjes waarden eartiids ek wol troch skoalmaster ferkocht. Under de klep yn in berne- of skûtelbank of yn it skoalboerd waarden se bewarre. Der wiene heilingen yn de kleuren giel, read en blau mar ek wol swart-wyt. Se waarden mei útsniene houtblokken ek wol drukt op goedkeap papier en middels stimpeljen ôfdrukt. Letter waarden foar it ynkleurjen ek wol sjabloanen brûkt.
Teksten spilen faak yn op de ideeën en foaroardielen út dy tiid. Grinslanners en Hollanners dy't men mar better baas bliuwe koe en Dútsers "poepen' en Frânske dy't ûnbetrouber wêze soene. Dochs wiene der genôch oare. Sa wie der de heiling mei in grutske hoanne dy't foarop de abie-boekjes stie. Yn 1791 wie de Maatskippij ta Nut fan it Algemien min te sprekken oer de teksten en woe mear edukative teksten dy't der dan ek kamen as "Nutsheilingen". Benammen godstsjinst, natoer en wittenskip wiene faak it ûnderwerp. De Fryske heilingen binne ek yn it Frysk skreaun. De bruorren Halbertsma skreaune der ek teksten foar. Sa sette Tsjalling Halbertsma yn 1828 al teksten oer nei it Frysk en Joast Halbertsma woe de teksten brûke om it Frysk te befoarderjen.
Begjin 20e iuw waarden heilingen ek wol ferkocht foar in oart of in heale sint. Professor Philippus Breuker hat in stúdzje wijd oan de heilingen.
It Ljouwerter Princessehof hat in grutte samling folks- en berneprintsjes.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - heiling
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|