Heinkel He 111
Heinke He 111 | |
---|---|
Rol | Bommesmiter |
Makker | Heinkel-Flugzeugwerke |
Untwerper | Siegfried en Walter Günter |
Earste flecht | 24 febrewaris 1935 |
Yn tsjinst | 1935 |
Ut tsjinst | 1945 (Luftwaffe), 1958 (Spanje) |
Tal makke | 7.603 fan 1936 oant 1944 (as CASA 2.111 oant 1956 yn Spanje) |
Grutste brûker | Luftwaffe, |
Farianten | V1, V2, V3, 111A-0, 111B, 111F, 111P, 111H, 111Z, 2.111, |
De Heinkel He 111 wie in bommesmiter dy't troch de Dútske Luftwaffe yn de Spaanske boargeroarloch en de Twadde Wrâldkriich ynset waard en oan alle fronten tsjinst die. It wie de rêchbonke fan de Dútske bommesmiterfloat. It prototype fleach foar it earst yn febrewaris 1935.
De He 111 waard ek brûkt as transportfleanmasine en as sleepfleanmasine foar sweeffleanmasinen. Hoewol't it tastel tsjin de ein fan WOII slim ferâldere wie, moast it tsjinst dwaan bliuwe fanwege swierrichheden by de ûntwikkeling fan syn opfolger, de Heinkel He 177. It wie útrisd nei it navigaasjesysteem Knickebein.
Yn de Slach om Ingelân die bliken hoe kwetsber it tastel wie mei de Hawker Hurricane en de Supermarine Spitfire fan de RAF as tsjinstanner. Yn 1940 die it tastel mei oan de bombardeminten op Ingelske stêden sa as Coventry. Yn 1941 wie de RAF technysk safier dat ek har nachtjagers (Bristol Beaufighter) de Heinkel 111 delhelje koenen.
De Heinkel tsjinne teffens as lansearynrjochting foar de V-1 (fleanende bom). De meast nuveraardige ferzje wie faaks de Heinkel He 111Z dy't twa rompen oan ien wjuk hie en in fyfde motor yn de midden. Dit type wie bedoeld om de reuzesweeffleanmasine, de Messerschmitt Me 321 te slepen.
De Heinkel He 111 bleau oant 1965 by de Spaanske loftmacht yn gebrûk. De Heinkel He 111 waard ek oankocht troch Bulgarije, Sjina, Hongarije, Roemeenje en Slowakije
Technyske feiten
bewurkje seksjeHeinkel He 111 P-4 | (1939/1940) |
Feiten | |
---|---|
Spanwiidte | 22,50 m |
Lingte | 16,40 m |
Hichte | 3,40 m |
Wjukoerflak | 87,60 m² |
Gewicht leech | 6.775 kg |
Startgewicht | 13.500 kg |
Motor | twa Daimler-Benz DB 601 A-1 fan 1.100 HK it stik |
Topfaasje | 390 km/h, fol beladen ± 330 km/o |
Krúsfaasje | 290 km/o |
Steiggeschwindigkeit | 144 m/min |
Lâningsfaasje | 115 km/h |
Klimfaasje | 2,4 m/s |
Fleanberik | fol beladen 1.200 km, maksimaal 2.400 km |
Tsjinstplafond | 8.000 m |
Bewapening | fiif beweegbere 7,92-mm-MG 15 of twa 13-mm-MG 131 |
Bomlading | 2.000 kg yntern |
Bemanning; | 5 |
Heinkel He 111 H-6 | (1941/1942) |
Feiten | |
---|---|
Spanwiidte | 22,50 m |
Lingte | 16,40 m |
Hichte | 3,40 m |
Wjukoerflak | 87,60 m² |
Gewich leech | 6.775 kg |
Startgewicht | 14.000 kg |
Motor | twa Junkers Jumo 211 D fan 1.200 HK |
Topfaasje | 400 km/h, folslein beladen 330 km/o |
Fleanberik | fols. beladen 1.200 km, maksimaal 2.400 km |
Tsjinsthichte | 8.000 m |
Bewapening | ien 20-mm-MG/FF (yn de noas), fiif beweegbere 7,92-mm-MG 15, of twa 13-mm-MG 131 |
Bomlading | 2.500 kg |
Bemanning | 5 |
Heinkel He 111 H-16 | (hjerst 1942) |
Feiten | |
---|---|
Spanwiidte | 22,50 m |
Lingte | 16,40 m |
Hichte | 3,40 m |
Flügelfläche | 86,50 m² |
Leechgewicht | 8.680 kg |
maksimale startgewicht | 14.000 kg |
Motork | twa Junkers Jumo 211 F-2 fan 990 kW / 1.350 HK |
Topfaasje | 436 km/o op 6.000 m |
Klimfaasje nei 6.000 m Höhe | 42 min |
Fleanberik | 2.900 km (mei 1.000 kg bommen) |
Tsjinsthichte | 6.700 m |
Bewapening | ien 20-mm-MG/FF (noas), ien 13-mm-MG 131 of ien 7,92-mm-MG 81 Z Zwilling (romprêch), twa 7,92-mm-MG 81 (ûnderkant romp), twa 7,92-mm-MG 81 (siden) |
Bomlading | 3.000 kg |
Bemanning | 5 |
-
1940
-
Mei ien grutte bom, 1941
-
Mei in torpedo
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Heinkel He 111 fan Wikimedia Commons. |