Helgolân (eilannegroep)

De Eilannegroep Helgolân is in Dútske lytse eilannegroep. De groep bestiet út twa eilannen: Helgolân en Düne. Tegearre ha de eilannen in grutte fan likernôch 3 kante kilometer. De eilannen lizze likernôch 70 kilometer út de kust fan it fêstelân fan Dútslân en foarmje de noardwestlike grins fan de Helgolânske Bocht.

Sa't de eilannegroep der no hinne leit
In kaart út 1910 fan de eilannen. Links Helgolân, rjochts Düne.

Helgolân en Düne lizze binnen de grinzen fan it natuergebiet Helgolânder Felssockel dat sa’n 5.200 hektare grut is. De eilannegroep en it wetter tusken de eilannen hearre sels lykwols net by it natuergebiet.