Helleren oan de Jøssingfjord is in monumint yn Jøssingfjord yn de gemeente Sokndal yn Rogaland. Hjir binne archeologyske spoaren fan delsettings sûnt de Stientiid. It monumint sit ûnder de rots Helleren dy't foarme wurdt troch in fier ústekkende berch oan de útein fan de Jøssingfjord. Mei in lingte fan 60 meter is dit ien fan de grutste yn syn soart yn Noarwegen. Der hawwe ferskate huzen ûnder dizze rots stien, mar hjoed de dei binne der noch mar twa houten huzen oer. De gebouwen datearje út de 19e iuw, mar parten fan de gebouwen binne folle âlder. Nei alle gedachten hat der fan de 16e iuw ôf permaninte bewenning ûnder Helleren west.
Helleren oan de Jøssingfjord
|
|
Twa oerbleaune wenninkjes ûnder de rots Helleren
|
|
De lokaasje fan Helleren oan de Jøssingfjord yn Rogaland.
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|