In helptiidwurd wurdt brûkt om in nuânse of fariaasje oan it kearntiidwurd te jaan.

It Frysk hat de neikommende helptiidwurden:

  1. Helptiidwurden fan tiid
  2. Helptiidwurden mei te: lykje , skine, blike, sitte, stean, hingje, rinne.
  3. Helptiidwurden sûnder te: lykas kinne, moatte, meie, litte, sille.

Fan de helptiidwurden mei en sûnder te kin in grut ferskaat oan betsjuttingsnuânses útdrukt wurde.

  • Mei sille, gean, komme en begjin yn kombinaasje mei te wurdt in hanneling/wurking/tastân begûn of giet oan yn de neiste takomst.
  • Mei bliuwe yn kombinaasje mei te wurdt in hanneling/wurking/tastân trochgeand, of it duorret langer.
  • Mei stean, lizze, hingje en sitte yn kombinaasje mei te wurdt ek in hanneling/wurking/tastân oanjûn.
  • Mei dwaan en litte docht in hanneling/wurking/tastân him foar.
  • Mei meie, moatte, kinne en wolle wurdt in winsklikheid, wierskynlikheid as mooglikheid útdrukt.
  • Mei sille, as dat net dúdlik nei de takomst wiist, wurdt meast in wierskynlikheid of in ûnwierskynlikheid útdrukt, of oanjûn dat eat net sa west hat.

Keppeling om utens

bewurkje seksje